Gemalen noch net oanset

22 des 2010 - 11:35

Wetterskip Fryslân set de gemalen noch net oan. De oanhâldende froast is de reden. Freedtejûn hâlde it wetterskip op mei it ôfstreamen fan wetter út de Fryske boezem sadat it iis goed groeie koe. Sûnt dy tiid nimt it wetterpeil alle dagen ta mei in heale sintimeter, mar neffens it Wetterskip is dat noch hieltyd feilich.

It wetterskip hat nau kontakt mei it iisbûn en pleatslike iisklups oer aksjes fan it Wetterskip om reedriden op natueriis mooglik te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)