Man slacht frou yn de búk
In frou (21) fan It Hearrenfean is tiisdei yn in winkel yn har wenplak mishannele. De frou waard yn de winkel op it Molenplein yn de búk slein troch in man. Sy hie in skoft lyn spul mei de man hân om't se him oansprutsen hie op syn rydgedrach.
Doe't se elkoar yn de winkel troffen, sloech de man har. De frou hat oanjefte dien by de plysje.