Brân yn bernedeiferbliuw
Der hat tiisdeitemoarn brân west yn in bernedeiferbliuw op De Gordyk. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrole. It fjoer oan de Hendrik Ringenoldusstrjitte is nei alle gedachten ûntstien oan de sydkant fan it gebou. De plysje tinkt dat it oanstutsen is.
De plysje freget minsken dy't mear witte of miskien wat sjoen ha, oft se har melde wolle.