Rekôr besikers Fryske musea

Musea yn Fryslân ha dit jier in rekôr oantal besikers binnen krigen. Yn de 75 musea kamen 890.000 minsken en dat binne der 60.000 mear as ferline jier. Foaral de musea dy't ekstra aktiviteiten organisearre krigen mear besikers. Op It Amelân gongen ek folle mear minsken nei de musea. Grutte lûkers wiene dêr it natuersintrum en it maritime sintrum Abraham Fock. Dizze binne krekt nij oplevere.
It Fries Museum yn Ljouwert krige ek yn 2010 minder minsken oer de flier.