List karbidknallen foar dôven

21 des 2010 - 20:05

It Fries Centrum voor Doven en Slechthorenden stelt in list op fan alle plakken yn de provinsje dêr't karbid ôfstutsen wurdt, omdat minsken mei in min gehoar faak in soad lêst ha fan de hurde knallen.

In soad minsken dy't min hearre troch skea oan it gehoar of dy't hieltyd minder hearre, binne oergefoelich foar hurd lûd. Troch publikaasje fan de list fan plakken dêr't knald wurdt hopet it Centrum âld en nij makliker foar de doelgroep te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)