A7 ticht nei ûngelok

(foto Jaring Rispens, www.stjoerder.nl)
De A7 by Beetstersweach wie tiisdeitejûn ôfsletten foar ferkear nei in ûngelok. In bestjoerder (22) út Beetstersweach kaam tsjin in auto oan doe't er de rykswei op soe. Beide auto's kamen yn de middenberm ta stilstân.
De Sweachster rekke beknypt. De brânwacht helle him derút. Hy is nei it sikehûs yn Grins brocht De oare auto fan in man (30) fan De Tynje fleach yn brân. Hy koe der op 'e tiid útkomme.