Gjin Riperkritemar by De Tynje

In grut tal plannen foar mear toerisme en rekreaasje yn it Ripegebiet yn Opsterlân giet nei alle gedachten net troch. Dat jildt ek foar de oanlis fan de Riperkritemar. Dat komt trochdat it ryk gjin jild mear jout foar benammen natoerûntwikkeling út it saneamde ILG; it ynvestearrinsfûns lanlik gebiet.
Dy natoerûntwikkeling wie yn dit gefal de komst fan in saneamde wiete as dy't de Deelen mei de Alde Feanen ferbine moast. Dy natoeroanlis wie keppele oan de oanlis fan rekreaasjefoarsjennings.