Fjoertoerwachters meie bliuwe

Der bliuwt in fjoertoerwachter op 'e Brandaris
De ferkearslieders op de fjoertoer fan Skylge en Skiermûntseach meie bliuwe. Dat hat steatssiktaris Joop Atsma tiisdeitemiddei sein op Skylge.
Neffens Atsma kinne de wachters gefaarlike situaasjes better ynskatte as kamera's. De wachters bliuwe ek as yn de takomst de Seeferkearssintrale Waadsee op Skylge klear is. Yn dizze sintrale komt apparatuer lykas in radar en kamera's te hingjen. Dy apparatuer sil in part fan it wurk fan de wachters oernimme.