Ljouwerter oerfallers pakt
De plysje hat twa Ljouwerters fan 18 en 19 jier oanhâlden, dy't derfan fertocht wurde dat se ferskate winkels oerfallen hawwe. Yn it ôfrûne jier binne ferskate winkels yn Ljouwert, op De Gordyk en yn Harns oerfallen.
De plysje sette in resjerzjeteam op de saak. Nei oanlieding fan it ûndersyk fan dit team binne de twa jonges oanhâlden.