Banklek: gjin sparjild poater

21 des 2010 - 12:13

Friezen hoege net benaud te wêzen dat sparjild weirekket troch ynbraken op ynternet. Dat seit softwarebedriuw Snakeware út Snits. Tiisdei die bliken dat dit jier hast seis miljoen euro stellen is by ABN Amro.

It is net dúdlik hoe't it bedrach krekt ferdwûn is, mar neffens Snakeware is dat nei alle gedachten kaam trochdat in grutte groep dieven allegear lytse bedragen op ien rekken stoarten. Sa foel it net op, mar koe úteinlik wol in grut bedrach 'ferdwine'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)