Swimbad Blauwe Golf leechrûn

21 des 2010 - 11:34

It wetter fan swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert is it ôfrûn wykein foar in grut part fuortrûn troch in stikkene ôfsluter. Snein stie it wetter noch mar oant en mei de knibbels en dêr kinne je net yn swimme. Der is gau wetter út de kelders ynpompt, mar ek dat wie net genôch. Der moast ek liedingwetter by en dat wie fanwege it kâlde waar mar sa'n sân graden.

Dêrtroch wiene it rekreaasjebad en it doelgroepebad moandeitemoarn noch wat oan de kâlde kant.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)