Learlingen wol mei wettertaksy

21 des 2010 - 09:42

Learlingen fan It Amelân kinne oant july 2011 mei de wettertaksy nei de wâl. It giet om learlingen dy't spesjaal ûnderwiis op de wâl folgje. Dit kostet de gemeente oant july 2011 sa'n 15.000 euro.

De gemeenteried moat oer it jild beslute, mar dat slagge yn novimber net. Ien fan de riedsleden wie der doe net en dêrtroch staakten de stemmen. Moandei fûn de ried mei in mearderheid fan 6 tsjin 5 stemmen dat de gemeente oan de wettertaksy meibetelje moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)