Kolleezje moat net te grut

20 des 2010 - 23:13

It kolleezje yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân moat perfoarst net in hiel grutte mearderheid krije yn 'e gemeenteried. Neidat ynformateur Aalberts dêr moandeitejûn oer begûn, wiene sa goed as alle partijen yn de nije ried it dêroer iens.

Aalberts giet no fierder as formateur fan in nij kolleezje dat yn elts gefal út it CDA en de PvdA bestean sil. FNP, VVD en ChristenUnie binne kânshawwers om it nije kolleezje oan in mearderheid te helpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)