Jild foar doarpshûs

De Stifting Groote Veenpolder yn Munnikebuorren krijt 20.000 euro subsydzje fan de gemeente Weststellingwerf om it doarpshûs op te knappen. De stifting ynvestearret sels 77.000 euro. Benammen it lekke dak is oan in opknapbeurt ta.
De stifting hat mear as tachtich frijwilligers dy't meihelpe de boel draaiende te hâlden, wylst mear as 20 ferienings gebrûk meitsje fan it doarpshûs en de sporthal.