Mary Looman boargemaster

Mary Looman-Struijs
De 57-jierrige Mary Looman-Struijs is foar twa jier beneamd ta waarnimmend boargemaster fan Skarsterlân. Se folget op 1 febrewaris Bert Kuiper op dy't ferline wike ôfskied naam en formeel op 1 febrewaris mei pensjoen giet. Oant 1 febrewaris is wethâlder Bé de Winter loko-boargemaster.
Looman (PvdA) wie oant de maitiid wethâlder fan de gemeente Midden-Drenthe. Se bliuwt oant 1 jannewaris 2013. Dan moat dúdlik wêze oft Skarsterlân noch bestiet of fusearje is.