Struisâlt op rantsoen

20 des 2010 - 19:18

De gemeenten Dantumadiel en Dongeradiel hawwe it struibelied oanpasse moatten. Om't de winter oanhâldt en de gemeenten it struisâlt beperkt oanlevere krije, struie se allinnich op haadrûtes. Op gefaarlike plakken struie de gemeenten mei in mingsel fan sân en sâlt.

It struibelied is oant en mei 28 desimber. Dernei wurdt der opnij nei sjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)