Joyride mei Fryskerbus

20 des 2010 - 17:51

Unbekenden hawwe moandei yn Ljouwert in Fryskerbus fan ferfierder Connexxion stellen. De bus waard om ien oere hinne meinaam fan it parkearterrein fan Connexxion oan de Snekertrekwei. De dieven hawwe der trije oeren mei omriden. De bus is noch sjoen by de Welkoop.

Om fjouwer oere waard de bus mei grutte skea oantroffen by it FEC. De dieven binne mei de bus tsjin in beam oanriden. Dêrtroch siet de foarkant hielendal ynelkoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)