Opnij oerlis oer AGC

20 des 2010 - 17:11

De fakbûnen en de direksje fan it glêsfabryk AGC Flatglass yn Easterwâlde sille tiisdei op 'e nij om de tafel om te praten oer it CAO-konflikt. De direksje hat de bûnen útnoege foar in petear. Meiwurkers leine ferline wike foar it earst sûnt it bestean fan it fabryk it wurk del.

De aksjes hawwe neffens bestjoerder Piet Janssen fan it fakbûn mei de oanlieding west foar de direksje om de bûnen út te noegjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)