Bygebou yn Hilaard ôfbaarnd

Foto: Jaring Rispens/Stjoerder.nl
In bygebou fan in wenbuorkerij oan de Hilaerdermieden yn Hilaard is moandei ôfbaarnd. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Der hat gjin gefaar west foar it oerslaan fan de brân nei de pleats. By de brân is asbest frijkaam fan it golfplaten dak fan it bygebou.
It asbest hat him ferspraat op it hiem en foar in part oer de greide. mar neffens de brânwacht is der gjin gefaar foar de omwenners. It is net bekend hoefolle skea der is.