Tekengilde Ljouwert oprjochte

20 des 2010 - 12:46

Yn Ljouwert is mei de komst fan 'Het Tekengilde' in hiel nij type learwurkbedriuw fan start gien. Op dit bedriuw kinne minsken dy't dreech oan wurk komme kinne in nij fak leare sa't de âlde ambachtsgildes it ek diene.

It bedriuw nimt minsken earst yn tsjinst as learling. As sy it tekenfak wat yn 'e macht hawwe wurde sy gezel. Se leare it fak fansels fan de master. It Tekengilde is oprjochte yn gearwurking mei de gemeente Ljouwert en wenningkorporaasje Elkien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)