Groei ferkeap biologysk iten

Wim Harsevoort yn syn Plus-super yn Harns
De ferkeap fan biologysk iten is it lêste jier yn de gewoane supermerk mei 20 prosint tanaam. Yn elke supermerk is al in breed assortimint te finen. Wyn, griente, suvel, sels bistefoer is biologysk te krijen.
Neffens eigner Wim Harsevoort fan de Plus super yn Harns kiest de konsimint hieltyd mear foar 'earlike' produkten. Hy tinkt dat dy trend noch sterk trochsette sil. De prizen binne de lêste jierren sakke en de kwaliteit is konstanter.