Tsjerketsjinst yn nij sintrum

20 des 2010 - 12:18
  • It sintrum wurdt klear makke

Tsjinsten fan de roomsk-katolike tsjerke fan Frjentsjer kinne yn de takomst hâlden wurde in it nije sintrum njonken de tsjerke. Binne der minder as 80 belangstellenden dan wurde de tsjinsten hâlden in it multyfunksjonele sintrum dat krekt foar 3,5 ton opknapt is.

Yn dy romte kin in mobyl altaar riden wurde mei Mariabylden. Ek is it lûd en ljocht ynsteld op tsjerkestjinsten. De tsjerke hoecht net mear ferwaarme te wurden en dat besparret jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)