Winter-fytsalvestêdetocht

Fokje van der Meer
De 54-jierrige Fokje van der Meer út Tytsjerk hat as earste de fytsalvestêdetocht yn de winter fytst. Sy kaam snein om 16.15 oere oan by de finish oan de Bonkefeart yn Ljouwert nei in tocht fan 254 kilometer.
Van der Meer fytste de rûte by wize fan proef. De toeristyske sektor wol de fytsalvestêdetocht yn de winter promoate. Neffens Van der Meer binne fjouwer fytsdagen fan gemiddeld 65 kilometer deis te swier foar in trochsneed winterfytser.