Mannen mei harddrugs oppakt

20 des 2010 - 10:21

Twa manlju fan Boalsert en Nijlân binne sneintenacht oanhâlden om't se harddrugs by har hiene. De twa fan 22 en 20 jier hiene harren auto's parkeard by in bedriuwsterrein yn Tsjalhuzum. Doe't de plysje beide auto's kontrolearre, fûnen se acht pillen, mooglik XTC en speed. Ien fan har wie in joint oan it draaien.

Beide binne heard op it plysjeburo. De man út Boalsert mocht nei ferhoar wer nei hûs, de man út Nijlân sit noch hieltyd fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)