CDA: nij polityk boadskip

It polityk boadskip fan it CDA moat in folslein nij jaske krije. Dat fine de leden fan it Fryske CDA. Yn fjouwer iepenbiere byienkomsten koene sy harren útlitte oer de takomst.
Neffens de leden moat der mear romte komme foar debat, mar kinne de kearnwearden rjochtfeardigens, solidariteit, rintmasterskip en ferantwurdlikens oerein bliuwe. Mar dat moat oars sein wurde en de jongereinôfdieling fan it CDA sil dêr de kommende tiid mei oan de slach.