SCO wint fan Mid-Fryslân

SCO wint mar krekt fan Mid-Fryslân
De Fryske kuorbalhaadklassers SCO en Mid-Fryslân ha in strieminne wedstriid einige yn in 14-13 einstân. It wie lang spannend, mar it wie net goed: meastentiids wurde folle mear doelpunten skoard.
Kuorbalcoach Tolsma fan Mid Fryslân brocht it oars net gebrûklike tal fan fjouwer wikselspilers it fjild yn. By rêst stie it 7-5 foar SCO út Aldeholtpea. Mid-Fryslân kaam yn in hektyske slotfaze noch tichtby, mar helle gjin punten.