Dokkumer rint oer auto

19 des 2010 - 14:59

In Dokkumer (19) is yn syn wenplak oanhâlden foar balstjurrigens en fernielings. Aginten seagen dat de jongen oer in auto rûn. Hy is meinaam nei it plysjeburo.

Yn Ljouwert is in ynwenner (44) fan dy stêd oanhâlden foar it stellen fan in mobile tillefoan. Hy hie it apparaat fan in tafel pakt yn in kafee oan it Ruterskertier. It personiel hat de Ljouwerter oanhâlden. De tillefoan is weromjûn oan de eigneresse (22).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)