Dwerse Mearumer oanhâlden

19 des 2010 - 14:55

In Mearumer (44) is sneontenacht op It Hearrenfean oanhâlden foar dwersichheid. Hy stie midden op de Koemarkt te pisjen. Doe't plysjes him dêr in boete foar jaan woene begûn hy te roppen en te razen. Hy woe him ek net legitimearje.

Freonen fan de man begûnnen har mei de saak te bemoeien wêrtroch de Mearumer útnaaie koe. De aginten hiene him gau wer te pakken en moasten him mei geweld meinimme nei it plysjeburo. Hy mocht snein nei hûs mei proses-ferbaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)