Snitser froulju ferlieze

19 des 2010 - 13:49
  • De Snitser-froulju ferlearen harren lêste wedstriid yn 2010 (foto: Klaas Hijlkema)

De follybalfroulju fan Snits ha sneon yn de Dela League mei 3-2 fan Sliedrecht Sport ferlern. Yn Sliedrecht naam de thúsploech in 2-0 foarsprong yn sets. Dernei kaam Snits werom troch de folgjende twa sets te winnen.

Snits koe dêrnei net trochpakke en moast de fiifde en beslissende set fuortjaan mei 15-9. Snits stiet no yn nei lêste en spilet yn it nije jier wer op 15 jannewaris tsjin Taurus út Houten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)