Flyers komme krekt te koart

Yn de lanlike iishockeykompetysje hawwe de A6.NL Flyers sneontejûn mei 5-4 fan Eindhoven ferlern. Yn it eigen Thialf waard de wedstriid yn de twadde perioade fuort jûn, de Eindhovenaren skoarden doe fiif kear.
Pas yn de lêste perioade koene de Flyers wer wat werom dwaan, ûnder oare troch Levitin en Nason. Mar doe't Bruinsma yn de slotminút foar de fjirde kear de Fryske puck yn it net jage wie dat te let. De Flyers spylje tongersdei wer, út tsjin Nijmegen.