Norofirus yn De Batting Harns
Op in ôfdieling fan fersoargingstehûs De Batting yn Harns is it norofirus útbrutsen. Guon minsken op de ôfdieling binne siik wurden. Se hawwe lêst fan diarree en spuierij.
Yn trochsneed binne je sa'n twa dagen siik fan it firus. De ôfdieling is foar in part ôfsletten. Der wurdt ekstra skjin makke en der jilde strange hygiënemaatregels.