Kemen-konsert: 1400 euro

19 des 2010 - 08:44

It benefytkonsert foar de 4-jierrige Kemen Spa, justerjûn yn Surhústerfean, hat 1400 euro opbrocht. Oan it konsert yn brasserie Kolksicht wurken sa'n 14 artysten en bands mei. It jild is bedoeld om in djoere terapy foar it jonkje te beteljen.

Kemen Spa hat nei alle gedachten in foarm fan autisme en sil dêrfoar dolfineterapy folgje op Curaçao. Omdat dy terapy net fergoede wurdt troch de soarchfersekerder, binne syn heit en mem mei in ynsammelaksje begûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)