Maklike winst SC Hearrenfean

SC Hearrenfean hie it net al te dreech tsjin De Graafschap dat mei in protte ynfallers spile. De earste kâns foar de thúsploech waard daliks in doelpunt: Viktor Elm mei in hiele slappe kopbal. Djuricic en Narsingh makken it ferskil yn de earste helte noch grutter: 3-0. De Graafschap hie ien grutte kâns, mar dy waard troch Jong-A-Pin fan de line helle.
Nei it skoft opnij in pear kânsen foar de Doetinchemmers, mar it woe net. Narsingh bepaalde de einstân op 4-0.