FK maraton tiisdei by Hylpen

Iselmar by Hylpen, ferline jier
Op 'e Iselmar by Hylpen is tiisdei it Frysk kampioenskip maratonreedriden op natueriis. Dat hat de iisklup Hylpen sneon oan 'e ein fan 'e middei bekendmakke.
De wedstriid is op 'e mar by it badpaviljoen. Dêr komt in baan te lizzen fan goed 1 kilometer lingte. Der kin riden wurde yn de kategoryen masters, manlju en froulju. Ynskriuwe kin oant moandeitejûn njoggen oere op www.marathonschaatsenfriesland.nl.