Auto yn it wetter by Sumar

Op de Solcamastrjitte by Sumar is sneontemiddei in auto yn it wetter telâne kaam. De bestjoerder rekke mei syn auto troch de glêdens yn de slip en bedarre op 'e kop yn 'e sleat. Hy koe sels út de auto weikomme nei't in boer mei syn trekker de auto heal derút lutsen hie.
Helptsjinsten binne massaal oproppen om't tocht waard dat der mooglik mear minsken yn sitte soene. Dat wie net it gefal. De bestjoerder is mei de skrik frijkaam. Hy wie inkeld wiet.