Himpkwekerij yn Aldeboarn
Oan de L. Bottemastrjitte yn Aldeboarn is freedtejûn in himpkwekerij ûntmantele. De plysje hie tips krige oer de kwekerij. De plysjeminsken fûnen 118 planten yn it hûs. Yn ferskate keamers stie apparatuer foar it kweken fan himpplanten.
Planten en apparatuer binne yn beslach naam en ferneatige. De 53-jierrige bewenner wurdt noch troch de plysje heard.