Benefyt foar jonkje (4)

18 des 2010 - 13:33

Yn Surhústerfean is sneon in benefytkonsert foar in jonkje út Drachten. De 4-jierrige Kemen hat nei alle gedachten in foarm fan autisme. Hy kin dêrtroch hast noch net prate. In spesjale dolfynterapy kin helpe, mar dy kostet 10.000 euro. De famylje is al in skoft dwaande it jild byinoar te krijen.

De benefyt foar Kemen wurdt organisearre troch Peter's Sound Shop út Doezum. Gurbe Douwstra is ien fan 'e optredende artysten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)