Jild út Waadfûns foar ipebeam

Foar de oanplant fan iperenbeammen yn it Waadgebiet komt der goed 2,6 miljoen euro beskikber. It jild komt út it Waadfûns. It karakteristike lânskip moat op dy wize hersteld en fersterke wurde. De nije beammen krije benammen in plak oan 'e wegen.
Der wie earder ek alris in oanfraach dien foar jild foar de oanplant fan iperenbeammen. Dat is doe ôfsketten om't de beammen in skûlplak binne foar rôffûgels.