Festival Flylân gau útferkocht

Festivalterrein Into The Great Wide Open
It festival Into The Great Wide Open op Flylân wie sneontemoarn yn tsien minuten tiid útferkocht. It festival wurdt yn septimber 2011 holden. De foarferkeap wie no al, omdat de btw op de kaartsjes mei yngong fan 1 jannewaris 2011 ferhege wurdt fan 6 nei 19 persint.
Der wie earder kommoasje oer de priis fan de tagongskaartsjes. Dy binne 30 euro djoerder wurden. It festival wurdt takom jier foar de tredde kear hâlden.