Winst Bouwmeester en Postma

Roelof Bouwmeester yn de Laser en Pieter-Jan Postma yn de Finn ha de medaljerace by it wrâldbeker silen yn Melbourne wûn. Yn de medaljerace sile de bêste tsien fan in klasse tsjininoar en telle de punten dûbel. Yn de einstân waarden de beide Fryske silers fjirde, Bouwmeeester kaam ien punt tekoart foar brûns.
Marit Bouwmeester waard yn har Laser Radial fjirde yn de finalerace. Yn de einstân sakke de nûmer ien fan de wrâldranglist nei it tredde plak.