Soargen finânsjes gemeenten

Provinsjehûs
De finansjele situaasje by de Fryske gemeenten is soarchlik. Dat konstatearret it kolleezje fan Deputearre Steaten as tafersjochhâlder. De gemeenten moatte der alles oan dwaan om de begrutting slutend te krijen. Foar 2011 is dat slagge, mar dêrnei komme de gefolgen fan it regearakkoart. Foar 2012 betsjut dat in koarting fan 58 miljoen euro op de Fryske gemeenten. Dêrneist binne der minder ynkomsten troch de krisis.