It hôf bliuwt yn Ljouwert

Gerjochtshôf yn Ljouwert
It gerjochtshôf bliuwt yn Ljouwert. It falt aanst wol ûnder ien bestjoer mei dat fan Arnhem. Dat hat minister Opstelten fan it Ministearje fan Feiligens en Justysje bekendmakke. Opstelten is dwaande mei in reorganisaasje fan de rjochtbanken en gerjochtshôven.
It is noch net dúdlik wêr't it bestjoer fan it hôf syn sit krijt. Opstelten tinkt dat de behanneling fan saken sa ferbettere wurde kin.