Meldsysteem moat jild besparje

De brânwacht yn de Noard-Nederlân wol mei in nij meldsysteem it tal ûnnedige oproppen bot werombringe. Dat kostet de brânwacht in soad jild. It giet dan foaral om brânmeldsystemen yn ferpleechhuzen, sikehuzen en bedriuwen mei in ekstra risiko.
De nije apparatuer makket flugger ferbining mei de meldkeamer en is goed betrouber. De brânwacht sil hurder optrede tsjin meldings dy't net echt binne as de nije apparatuer oanbrocht is.