Maraton tenei Loop Leeuwarden

17 des 2010 - 17:13

It rinevenemint 'De maraton fan Ljouwert' hjit tenei Loop Leeuwarden. De klam leit no net mear op de hiele maraton, mar op de oare ôfstannen. It giet dan om de heale maraton, de 10 en de 5 kilometer en it kuierjen. Foar kuierders komt der in aparte rûte bûten de stêd om.

De organisaasje is drok yn de slach mei twa nije sponsors. Soarchfersekerder De Friesland docht net mear mei. De earste Loop Leeuwarden is op 22 maaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)