Auto op 'e kop yn sleat

17 des 2010 - 11:05

By in ûngelok by Nijeholtwâlde is tongersdeitejûn in auto op 'e kop yn 'e sleat bedarre. De bestjoerder is in jongeman fan 18 jier út De Blesdike. Hy koe sels út de auto komme. Syn byrider koe der ek útkomme. De bestjoerder is mei pine yn de nekke nei it sikehûs brocht. De byrider mankearre neat.

It ûngelok barde op de Hearrenfeansewei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)