SP pakt húskemelkers oan

16 des 2010 - 23:11

De Fryske jongere-ôfdieling fan de SP komt yn aksje tsjin misstannen by de studintekeamerferhier. Neffens harren binne der in protte problemen dêr't de measte minsken, en dus ek de polityk, net fan de op de hichte binne.

De keamers binne faak te djoer en min ûnderhâlden. De klup hat sa'n 30 klachten binnenkrigen. It is de bedoeling de klachten te kontrolearjen om dêrnei in winner te kiezen dy't de titel 'huisjesmelker van het jaar' krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)