Flistersysteem komt der dochs

16 des 2010 - 22:44

It Flistersysteem sil dochs ynfierd wurde. Dat systeem warskôget automobilisten fia de radio dat der in plysje-auto, brânwacht of ambulânse mei sirenes oankomt.

In proef mei it systeem wie earder dit jier mislearre, mar inisjatyfnimmer CDA Twadde Keamerlid Sander de Rouwe liet it der net by sitte. Tongersdeitejûn is yn de Twadde Keamer in moasje oannommen dat it paad dochs frijmakket foar de ynfiering fan it Flistersysteem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)