Enerzjyscan by bedriuwen

16 des 2010 - 19:43
  • In oandachtich gehoar (foto: Omrop Fryslân)

De gemeente Weststellingwerf wol dat bedriuwen suniger mei enerzjy omgean. By njoggen bedriuwen yn dy gemeente sil dêrom in enerzjyscan dien wurde. Sa wol de gemeente ûnder oare foar elkoar krije dat der minder CO2 útstjitten wurdt. It bedriuw Duurzaam Energie Centrum Nederland docht dizze scans.

It projekt mei de enerzjyscans is no noch yn de pilotfaze. Mocht it positive resultaten opsmite, wurdt it mooglik útwreide mei oare bedriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)