Atelier Oerol siket sponsors

16 des 2010 - 17:41

It Oerol Festival siket nei in fêstere foarm fan finansiering en dêrby wurdt no de help fan it publyk socht. Minsken kinne sponsor wurde fan it saneamde Atelier Oerol, de wurkpleats foar nij teatertalint. It wurdt hieltyd dreger om subsydzjes te krijen foar grutte eveneminten.

Doel is dat minsken foar in perioade fan fiif jier 300 euro betelje. De aksje rint noch mar in dei, mar de earste 25 sponsors binne binnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)