Strjitlampen fuort út Surhuzum

16 des 2010 - 16:31

Gemeentebelangen Achtkarspelen is lulk oer it ferwiderjen fan strjitferljochting by Surhuzum. De partij krige in skoftke lyn telefoantsjes fan bewenners oan de Miedwei, dy't seagen dat de armatueren fan fiif strjitlantearnen ferwidere waarden.

De amtner dy't dat die waard derop oansprutsen en nei telefoantsjes mei it gemeentehûs waard tasein dat de situaasje hersteld wurde sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)